top of page

De twadde gearkomste fan WikiWomen en de earste Wikithon yn Ierlân


It WikiWomen-projekt hie de twadde transnasjonale gearkomste en de earste Wikithon yn Monaghan, Ierlân. Learlingen út Baskelân, Fryslân en Ierlân kamen gear om te learen oer Ierske kultuer, kultueroerstiigjende konneksjes te lizzen en mei te dwaan oan de Wikithon. Dat wie in fantastyske mooglikheid foar learlingen dy’t leare om Wikipedy-artikels te skriuwen en gear te wurkjen om de represintaasje fan froulju en minderheidstalen op it platfoarm te ferbetterjen.


De Wikithon gie net allinnich oer mei-inoar leare en wurkje, mar ek oer it belibjen fan de unike Ierske kultuer en taal. De earste jûn begûn mei in besite oan McCague’s Pub, in lokaal kafee dêr’t de dielnimmers in waarm wolkom krigen. De pub wie gesellich, mei tradisjonele oanklaaiïng en Ierske muzyk dy’t de toan sette foar de jûn, wylst de learlingen genieten fan lekker iten en mei inoar yn ‘e kunde kamen.


De twadde dei begûn mei in iepening troch de direkteur, in yntroduksje yn hoe’t it projekt ta stân kaam wie en Ierske muzyk, makke troch de learlingen. Dêrnei waarden de learlingen bekend makke mei Gaelic fuotbal en dienen se mei yn de earste Wikithon-sessy.

Wylst de learlingen oan de Wikithon wurken hienen de projektpartners in eigen gearkomste en makken sy grutte stappen yn de projektresultaten.


De tredde dei begûn mei de twadde Wikithon-sessy, folge troch in moai útstapke nei ien fan de meast bekende en wichtichste argeologyske plakken fan Ierlân, it Navan Centre & Fort, yn Noard-Ierlân. By dat besite krigen de dielnimmers de kâns om de fassinearjende skiednis en de leginden en folkloare fan it plak te ûntdekken. Letter op ‘e dei makken de learlingen in wurkwinkel fan Armagh Rhymers mei, in groep fan tradisjonele muzikanten dy’t harren ynsette om Ierske kultuer te behâlden en te promoatsjen. De learlingen learden sa noch mear oer de folkloare en tradysjes fan it lân.


Op de lêste dei presintearren de dielnimmers harren wurk en seagen sy it resultaat fan harren ynset by de lêste Wikithon-sessy. Dêrnei wie it tiid foar in picknick yn Rossmore Forest Park, in prachtich natuergebiet mei marren en wylde bisten, dêr’t sy harren paad fine moasten mei allinnich in kaart. De lêste jûn waard ôfsletten mei in Céilí, in tradisjoneel Iersk evenemint dêr’t sang, poëzij, tradisjonele muzyk en dûns by-inoar kaam.


Alles besjoen wie de Wikithon in geweldige ûnderfining foar elk dy’t der wie. Wy kinne net wachtsje om te sjen wat de takomst bringe sil foar dit boeiende projekt!







Comentarios


bottom of page