top of page

Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

Skoallen, ûnderwiisorganisaasjes en Wikimedia-organisaasjes út ferskillende hoeken fan Europa sille de kommende trije jier gearwurkje oan it WikiWomen-projekt. Trije projektpartners, yn Fryslân, Baskelân (Spanje) en Ierlân sette harren yn om Wikipedy yn regio’s mei minderheidstalen yn te setten as in middel om digitale belêzenens, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

“De statistiken wize derop dat der net genôch artikels oer froulju op Wikipedy binne,” seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk, liedend ûnderwiisorganisaasje foar de Fryske taal yn Nederlân. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t skreaun wurde op Wikipedia dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju gean. Mar 18,5% fan de biografyen op de Nederlânske Wikipedia giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”


Foar lytse talen kin it in útdaging wêze om in digitale oanwêzigens te hawwen dy’t grut genôch is. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.


Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s wei komme learlingen en dosinten mei-inoar yn kontakt troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikithons’, dêr’t se by gearwurkje oan harren artikels ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia.”


Yn maart kamen de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in gearkomste fan twa dagen. De fokus lei doe benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortsium de kommende moannen sette kinne soe.


__________


Contact: Simon Tubb, project manager, Learning Hub Friesland.

simon@learninghubfriesland.nl, +31644046743.

Comments


bottom of page