Fryske edit-a-thon: Skriuw de froulju yn!
​Nim dyn eigen laptop mei en kom nei de Stadskas!
​
Doch mei op woansdei 20 novimber oan in jûn dy’t yn it teken stiet fan it meitsjen fan in ynklusiver Wikipedia! Wy sille ús rjochtsje op it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende, minder bekende froulju.
Jo kinne om 18.30 oere oanslute foar in hapke en in ynformeel moetsjen, of jo kinne om 19.30 oere oanslute foar it haadprogramma, dat ûnder oare presintaasjes oer ynspirearjende froulju, in crash course Wikipedia bewurkjen en in edit-a-thon om nije artikels te meitsjen omfettet.
​
-
18:30 – In hapke en ynformeel moetsjen
-
19:30 – Start fan it programma
-
20:00 – Crash course Wikipedia bewurkjen en live bewurksesje
-
22:00 – Ein fan it programma
​
Help ús om de Fryske Wikipedia ynklusiver en mei mear ferskaat te meitsjen – we sjogge der nei út om jo te treffen!
​
Oanmelde is net ferplichte, mar lit it ús witte as jo derby binne fia:
Hâld der rekken mei dat wy by oankomst jo hantekening nedich binne, en der foto’s en fideo’s makke wurde tidens it evenemint.